Asyl (tydskrift)
Asyl wie in Frysk literêr blêd dat yn 1963 foar it earst ferskynde. It waard útbrocht troch Tjitte Piebenga en Bauke de Jong, dy't oant de opheffing yn 1968 de redaksje foarmen. It útbringen fan Asyl wie ûnder mear ûntefredenheid oer it troch de redaksje fan De Tsjerne fierde belied: der soe te min romte foar eksperiminten en foar oan literatuer besibbe keunstuteringen wêze. Fûle diskusjes feroarsake Bauke de Jong troch in oantal beskôgingen op te nimmen fan Eeltsje Boates Folkertsma, foar it earst publisearre yn 1938- 1939 yn De Stim fan Fryslân.
Asyl | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
taal | Frysk | |
sjenre | literatuer | |
frekwinsje | 4-6 × jiers | |
bestean | 1963-1968 | |
tal abonnees | 300 |
De om Bauke de Jong riisde strideraasje wie de oarsaak fan it mislearjen fan fúzjeplannen tusken Asyl, Quatrebras en De Tsjerne yn 1968.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|