Asymmetryske slachsport
Asymmetryske slachsporten binne in foarm fan slachsport. Dat wol sizze dat twa partoeren in bal spylje. Yn de asymmetryske sporten besiket ien partoer, it slachpartoer, de bal foarby it partoer yn it fjild, it fjildpartoer te spyljen, wylst dat partoer besiket dat te kearen. Dizze sporten kinne keatssporten wêze, dêr't beide partoeren besykje de bal sa guenstich mooglik ôf te stopjen, of honksporten, dêr't it fjildpartoer de bal werom bringe moat nei it begjinpunt, en it slachpartoer ûnderwilens troch te rinnen punten helje kin.