Athelstaneford (Skotsk: Atholstanefuird of Elshinthurd) is in doarp yn East Lothian yn Skotlân. It tichtby de stêd Haddington en sa'n 38 km beëasten Edinboarch.

Athelstaneford
Bestjoer
Lân Skotlân
Regio East Lothian
Status Landsby (doarp)
Sifers
Ynwennertal ?
Oar
Tiidsône (UTC+0)
Simmertiid (UTC-1)
Athelstaneford Heritage Centre húsmannet yn in doweflecht út 1583
Sint Andreaskrús, The Saltire

Leginde fan de flagge

bewurkje seksje

De leginde wol hawwe dat Athelstaneford it plak is dêr't de oarspronlike Flagge fan Skotlân (The Saltire) it earst oannaam waard. Op de foarjûn fan in fjildslach tusken in Piktenleger en ynfallende Angelen út Northumbria yn 832, kaam Sint Andreas, dy't op in diagonaal krús krusige waard, yn in fisioen by de Piktyske kening Óengus II en ûnthjitte in oerwinning. De oaremoarns seagen de pikten in wyt wolkekrús yn de loft. Sy wûnen de slach en witen dat oan Andreas syn seine; sy beneamden him ta patroanhillige en setten syn krús op harren flagge. De oanfierder fan weromlûkende Angelen, Athelstan,[1] waard deadien by in furde yn dy krite, dêrfandinne de namme Athelstaneford. Der binne mear as ien ferzjes fan it ferhaal. Hokker at wier is wit nimmen, mar de leginde hat Athelstaneford yn alle gefallen in plak yn de Skotske skiednis jûn.

It doarp hat it National Flag Heritage Centre dat yn in doweflecht út 1583 húsmannet en fannijs boud waard yn 1996.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Net betize mei de 10e iuwske kening Athelstan fan Ingelân