Atlas Van Stolk
De Atlas Van Stolk is in samling fan hast 250.000 printen [1], kaarten en tekeningen oer de skiednis fan Nederlân, ferneamd nei de grûnlizzer, Abraham van Stolk. De samling is foar in part te sjen yn de Bibleteek Rotterdam.
Skiednis
bewurkje seksjeAbraham van Stolk (1814–1896), in bekende Rotterdammer yn syn tiid, kaam út de famylje Van Stolk, in famylje fan ûnder oaren houthannelers, en stie in grut part fan syn libben oan it haad fan it famyljebedriuw. Hy wie beskermhear of earelid fan ferskate Rotterdamske ferieningen en majoarkommandant fan it Korps Koninklijke Scherpschutters.[2] Njonken al syn njonkenfunksjes naam er ek tiid foar syn leafhawwerij: it sammeljen fan histoarjeprinten, dêr't er yn 1835 mei útein sette.
Syn samling, dy't ek wol Atlas neamd wurdt, soe útwaakse ta ien fan de wichtichste en mânske kolleksjes histoarjeprinten fan Nederlân. De kolleksje wurdt noch hieltyd byhâlden en oanfolle. Geregeldwei jout de Atlas Van Stolk keunstners opdracht in wichtich histoarysk barren yn byld te bringen. De lêste kear dat dit barde wie yn 2004 fan de begraffenis fan prinses Juliana. In grut part fan de kolleksje is digitalisearre en fia ynternet tagonklik makke. Dy wurdt alle dagen útwreide.
Sûnt mids 2022 is de Atlas van Stolk romtlik en organisatoarysk ûnderbrocht yn de Bibleteek Rotterdam.[3]
Utstallingen
bewurkje seksjeDe famylje Van Stolk hie foar in tentoanstelling yn 2000 in tal foarwerpen út it famylje-argyf yn brûklien jûn. Ut dat materiaal docht ûnder mear de sterke bân fan Abraham van Stolk mei kening Willem III bliken.
-
Leo Belgicus (1609)
-
Den Roomschen hangelaer. Ien fan de âldere spotprinten út de samling fan de Atlas van Stolk
-
Batavia (1740)
-
Slaveskippen foar de kust fan Sint-Eustasius (1763)
-
Eerste Nationale Vergadering (1796)
-
Ingelsk-Russyske lâning fan 1799
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Atlas Van Stolk fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Noaten
|