Auke Visser, better bekend as Auke de Sloper of "âldste hooligan fan de stêd" (Ljouwert, 29 septimber 1918 - dêre, 17 jannewaris 2014) wie in markant figuer út de haadstêd fan Fryslân. Hy hie in hannel yn âld izer en krige lanlike bekendheid troch syn optreden yn it tillefyzjeprogramma Man Bijt Hond, tegearre mei syn broer Jan, dy't yn 2008 ferstoar.

Auke Visser
persoanlike bysûnderheden
echte namme Auke Visser
oare namme Auke de Sloper,
âldste hooligan fan de stêd
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 29 septimber 1918
berteplak Ljouwert
stoarn 17 jannewaris 2014
stjerplak Ljouwert
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt âld izer hanneler

Auke de Sloper wie fanatyk oanhinger fan SC Cambuur en dêrfan krige hy syn oare bynamme.