Australyske dollar

De Australyske dollar is de munt fan Austraalje, dy't ûnder tafersjoch fan de Reserve Bank of Australia útjûn wurdt. De Australyske dollar wurdt ek as offisjele munt brûkt op Kiribaty, Naurû en Tûvalû. Ofkoartings dy't gauris brûkt wurde binne $A, A$ en AU$. De ynternasjonale koade foar de Australyske dollar is AUD (ISO 4217).

Yn 1910 waard de Australyske pûn ynfierd as opfolger fan de Britske pûn. Yn 1966 waard dy ferfongen troch de Australyske dollar.

Munten en bankbiljetten bewurkje seksje

Ien Australyske dollar is ferdield yn hûndert sint. Der binne munten fan 5, 10, 20 en 50 sint, en fan 1 en 2, dollar. Bankbiljetten binne der fan 5, 10, 20, 50 en 100 dollar. De munten fan 1 en 2 sint wurde sûnt 1992 net mear as offisjeel betelmiddel brûkt.[1]

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ramint.gov.au