De Aylesburyein is in ras fan 'e nuete ein, dat fokt waard foar it fleis en de fearren yn en om it Ingelske Aylesbury. Hjoed-de-dei is it in tige seldsum eineras.

Aylesburyein

De einen waarden al sûnt 1690 yn Aylesbury foar fleis en harren wite fearren fokt om tekkens mei te foljen. Dêr, en yn 'e omkriten lykas ek yn Buckinghamshire, waard de fok fan sokke einen tige populêr. De einen waarden faak yn lytse fivers holden mei skûlplakken, dêr't se rêste koene. Nachts waarden de einen yn 'e hûs of somtiden sels yn 'e sliepkeamer ûnderbrocht. De eineboeren fan Aylesbury en Buckinghamshire diene harren bêst om der foar te soargjen dat de einen harren wite kleur holden. Yn 'e rin fan 'e tiid late it fokken fan 'e einen ta in standertfoarm.

De einen begûnen ier yn it jier te brieden, sadat de piken tsjin 'e ein fan july ryp foar de slacht wiene. It fleis fan 'e ein wie yn 'e 19e iuw yn Grut-Brittanje tige populêr. De einen waarden ferhannele yn Londen, goed 60 km súd fan Aylesbury. Ynearsten gie it transport nei Londen rinnend en om 'e poaten fan 'e einen te beskermjen by de reis waarden de einen earst troch in flak tarrebêd en dêrnei in bêd mei seachsel dreaun. Nei de oanlis fan it spoar waarden de einen mei de trein nei Londen transportearre. Tsjin 'e ein fan jierren 1860 ferhûzen de fokkerijen nei oare plakken en rekke it hâlden fan einen yn Aylesbury yn it neigean.

 
Aylesbury-einen mei ien Peking-ein.

Yn 1873 waard de Pekingein yntrodusearre yn Grut-Brittanje, dy't mear rjochtop stiet en in oranje snaffel hat. Alhoewol't it fleis fan dy ein minder heech wurdearre waard as it fleis fan 'e Aylesburyein, wie de Peking-ein sterker en goedkeaper om te hâlden.

De Earste Wrâldkriich makke in ein oan 'e eineyndustry fan Buckinghamshire. De lytse produsinten ferdwûnen hielendal en allinne in pear grutter fokkerijen bleaune oer. De Twadde Wrâldkriich skuorde de yndustry fierder út 'e foegen. Yn 'e jierren 1950 wie der yn Buckinghamshire noch mar ien grutte fokker en yn 1966 wiene der yn Aylesbury sels hielendal gjin fokkerijen mear.

De Aylesburyein hat in fleiskleurige snaffel en oranje poaten. Einen mei in ôfwikende kleur fan 'e snaffel binne krusings. It is in foarse ein mei in bleke hûdskleur en wite fearren. De ein hat in brede boarst en de rêch wurdt paralel oan 'e grûn droegen. De Aylesbury-ein is ien fan 'e grutste nuete einerassen en like swier as de Rouenein. Allinne de Muskusein is grutter. As jerken folwoeksen binne ha se in gewicht fan 4,5 oant 5,4 kg.

Mei't de Aylesburyein hjoed-de-dei net mear fan ekonomysk belang is, binne suvere Aylesburyeinen tige seldsum woarn en ien fan 'e tige earnstich bedrige feerassen. Der wurdt fral fokt mei de Pekingein. Yn Ingelân binne der noch in pear bedriuwen dy't de ein hâlde foar de lúkse gastronomy.

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Aylesbury-ein fan Wikimedia Commons.