Bûn foar Lânnasjonalisaasje

It Bûn foar Lânnasjonalisaasje (Bond voor Landnationalisatie) wie in Nederlânske organisaasje dy't stribbe nei it nasjonalisearjen fan alle grûnwas. De oerheid soe de grûn ferpachtsje oan partikulieren. De pacht soe de iennige foarm fan belêstingynkomsten foar de oerheid wurde. It bûn seach lânnasjonalisaasje as de oplossing om resessy en ekonomyske ûngelikenens foar te kommen. Dy ideeën ûntliende it bûn oan de tinkbylden fan de Amerikaanske ekonoom Henry George en de Dútser Michael Flürscheim.

Yn 1889 waard it Bond voor Landnationalisatie oprjochte troch de Dimter yndustriëel Jan Stoffel, de Grinzer boer en politikus Derk Roelof Mansholt, Daniël de Clercq en de Amsterdamske arsjitekt Theodorus Sanders.[1] It bûn nûge Henry George út om in taspraak te hâlden, dat wie yn Amsterdam.[1] It bûn joech it blêd Grond aan Allen út, mei Stoffel as haadredakteur. It ledetal groeide fan 205 persoanen yn 1890 nei 450 yn 1896.[1] De measte leden wennen yn de provinsje Fryslân. By de parlemintsferkiezings fan 1897 slagge it Stoffel en krij in plak yn de Twadde Keamer mei stipe fan radikale demokraten, mar stoppe nei in tal moannen om sûnensreden.[2]

It bûn stipe de oprjochting fan de organisaasje Gemeenschappelijk Grondbezit. Nei 1897 sliepte it Bûn foar Lânnasjonalisaasje stadichoan ynand.[3] Ut it bûn ûntstie yn 1918 de Grûnpartij, dy't lânnasjonalisaasje ta spearpunt fan har ferkiezingsprogramma makke. Sy diene mei ûnder de namme List Stoffel yn it distrikt Amsterdam en krigen mar 235 stimmen.[4]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 A.C.J. de Vrankrijker: Onze anarchisten en utopisten rond 1900; (earste druk 1972) Haadstik 3
  2. http://www.historici.nl/Onderzoek/Projecten/BWN/lemmata/bwn3/stoffel
  3. http://www.iisg.nl/bwsa/bios/stoffel.html
  4. http://www.historici.nl/pdf/kpp/grondpartij.pdf