Baarsma Wine Group
De Baarsma Wine Group is in bedriuw dat har dwaande hâldt mei de produksje en hannel fan wyn. It bedriuw is yn 1977 stifte en is festige yn Aldskoat. It bedriuw is yn Nederlân ferantwurdlik foar it grutste part fan de hannel yn wyn en hat in omset fan likernôch 200 miljoen euro.
Baarsma is op it stuit drok dwaande mei it útwreidzjen fan har netwurk yn Noardwest-Jeropa. It bedriuw is ien fan de wichtigste bedriuwen yn de wynhannel fan Jeropa en hat yn 2007 en 2008 al fiif bedriuwen oernaam.
Bestjoer
bewurkje seksjeDe Rie fan Bestjoer fan de Baarsma Wine Group bestiet út:
De Rie fan Kommissarissen bestiet út:
- P.G. Hugenholtz
- F. Barel
- F.F.Th. Trijbels
Belied
bewurkje seksjeBaarsma Wine Group hat in desintrale struktuer, it wurdt foarme troch selsstannige wynbedriuwen. Al dizze bedriuwen binne los fan elkoar aktyf yn de wynhannel. Al wurkje se gear op it gebiet fan bygelyks de logistyk. It bedriuw is ferantwurdlik foar it sintrale belied. De Saken Underdielen binne de bedriuwen dy't by de wyngroep hearre, dizzen hâlde har dwaande mei de aktiviteiten yn harren eigen merkediel.
De Saken Underdielen binne:
- Baarsma Wine Group Nederlân
- Baarsma Súd-Afrika
- Baarsma Frankryk
- Baarsma Switserlân
- Canei
- Cellarmaster Wine Europe
- Hasselt Millesime (Belgje)
- Kaapkelder
- Cellarmaster Wines Europe
- Lovian
- John Armit Wines
- Ald Reuchlin & Boelen
- Overseas Wine Company
- Stevens Wynimport
- Weinvorteil G.M.B.H.
- Wyhannel Léon Colaris
- Wynkeaperij Wielinga
- Wynkeaperij International
- Wynfoardiel
- Wine Excel
- Winetracks International