Bachelortitel

(Trochferwiisd fan Bachelorgraad)

In bachelortitel, bachelorgraad of koartwei in bachelor is in akademyske graad dy't oanjout dat immen súksesfol in bacheloroplieding foltôge hat oan in ynstelling foar heger ûnderwiis. Yn Nederlân sprekt men fan in profesjonele bachelortitel as it om in oplieding oan in hegeskoalle giet, en fan in akademyske bachelortitel as it om in oplieding oan in universiteit giet. It ferskil is dat bacheloropliedings oan hegeskoallen folslein op 'e útoefining fan in beskaat berop rjochte binne, wylst it by in universitêre stúdzje giet om akademyske basisoplieding dy't de studint de basiskennis oer it oangeande fakgebiet bybringt. It is yn Nederlân gebrûklik dat in akademyske bacheloroplieding oanfolle wurdt mei in masterprogramma. Yn 'e Angelsaksyske lannen is soks folle minder fanselssprekkend.

It wurd 'bachelor' (útspr.: ['bæʧələr], likernôch: "bètsjullur") is oernommen út it Ingelsk, dat it wer fan it Latynske baccalaureus hat. Foarôfgeande oan 'e ynfiering fan 'e bachelor-masterstruktuer (BaMa) bestie yn Nederlân de titel fan bakkalaureus foar lju dy't in fjouwerjierrige HBO-oplieding ôfrûne hiene, en oant begjin 1970-er jierren koe men guon fiifjierrige universitêre stúdzjes nei fjouwer jier ferkoarte ôfslute mei in bakkalaureaatseksamen. Nei't yn 1999 yn Jeropeesk ramt de saneamde Bolognaferklearring ûndertekene waard, dy't as doel hie om ien inkele Jeropeeske heger-ûnderwiisromte te skeppen, late dat yn Nederlân ta de ynfiering fan 'e bachelor-masterstruktuer, ta ferfanging fan âldere akademyske graden, lykas it boppeneamde bakkalaureus en doktorandus.

Profesjonele bacheloropliedings duorje yn Nederlân fjouwer jier, en akademyske bacheloropliedings trije jier. Yn it bûtenlân kinne se oanmerklik langer duorje, oant sân jier. Foar ferskillende bacheloropliedings besteane ûnderskate ôfkoartings, dy't soms, nei Angelsaksysk foarbyld, efter de namme pleatst wurde. Foarbylden fan sokke ôfkoartings binne: B.A. (Bachelor of Arts: bachelor yn 'e keunsten oftewol geasteswittenskippen); B.Sc. (Bachelor of Science: bachelor yn 'e tapaste, eksakte en sosjale wittenskippen); B. Ed. (Bachelor of Education: bachelor yn 'e ûnderwiiskunde); en LL.B. (Bachelor of Laws: bachelor yn 'e rjochten).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.