Backgammon
Backgammon is in boerdspul foar twa spilers. It is ien fan de âldste spultsjes dy't wy kenne. De Nederlânske fariant fan it spul (mei oare regels) wurdt Tric Trac neamd.[1]
Backgammon is in race wêrby't beide spilers stiennen oer it fjild nei de oare kant ta rinne litte moatte neffens de woarpen fan de dobbelstiennen. De tsjinstanners rinne yn tsjinstelde rjochting. Losse stiennen fan de tsjinstanner kinne slein wurde. It doel fan it spultsje is om jins 15 stiennen as earste nei de oare kant ta te bringen en dêr út it spul te heljen. Wa't dat as earste dien hat wint it spul.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Backgammon fan Wikimedia Commons. |