Bad Schwalbach
Bad Schwalbach (oant 1904: Bad Langenschwalbach) is in stêd en gemeente yn 'e Rheingau-Taunus-Kreis yn Dútske dielsteat Hessen. De stêd is ien fan 'e âldste Hessyske kuerplakken.
Bad Schwalbach | ||
Marten Luthertsjerke. | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Hessen | |
lânkring | Rheingau-Taunus-Kreis | |
Stedsyndieling | kearnstêd mei 7 Stadtteile | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 11.602 ( (31.12.2023)[1] | |
Oerflak | 40,27 km² | |
Befolkingsticht. | 288 ynw./km² | |
Hichte | 326 m boppe seenivo | |
Oar | ||
Postkoade | 65307 | |
Koördinaten | 50° 8' N 8° 4' E | |
Offisjele webside | ||
www.bad-schwalbach.de | ||
Kaart | ||
Geografy
bewurkje seksjeBad Schwalbach is in kuerplak op sa'n 20 kilometer noardwest fan Wiesbaden. De stêd Bad Schwalbach leit op in hichte fan 289 oant 465 meter yn 'e westlike Hintertaunus. It is in langrekt plak yn 'e delte fan 'e Nesselbach. Mear as 56% fan de gemeente bestiet út bosk.
Stedsyndieling
bewurkje seksjeDe gemeente bestiet njonken Bad Schwalbach ek út de plakken Adolfseck, Bad Schwalbach, Fischbach, Heimbach, Hettenhain, Langenseifen, Lindschied en Ramschied.
Skiednis
bewurkje seksjeBad Schwalbach waard foar it earst yn 1352 neamd en is sûnt 1364 as parochy bekend. De mineraalboarnen fan Bad Schwalbach binne yn alle gefallen al sûnt 1568 bekend. Mar it duorre noch oant de ferbettering fan 'e diken, dat yn it begjin fan 'e 19e iuw it kueren in grutte flecht naam. Nei't Francis B. Head yn 1834 Bubbles from the Brunnens of Nassau publisearre, reizgen in soad Britten nei de Taunus. Foarsten en oare pommeranten besochten net allinne de baden, mar ek it kasino. Nei de Earste Wrâldkriich feroaren de klanten. De adel waard ynwiksele foar it grutte publyk en it lúkse kuerplak ferlear dêrmei alluere en feroare stadichoan yn in foar elkenien tagonklik kuerplak mei de foarsjennings dy't dêr by hearre.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Elisabethtsjerke.
-
It eardere riedshûs.
-
Kurhaus.
-
Izerhâldende Stahlbrunnen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Schwalbach Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.
|