Balch (rivier)
De Balch (ek wol Balchab; bopprin Rud-e Band-e Amir) is in rivier yn Sintraal- en noardafganistan.
De Balch ûntspringt sa'n 50 km noardwestlik fan de stêd Bamiyan. De rivier rint troch de Band-e-Amirmarren nei it westen, letter draait er nei it noardwesten en dêrnei it noarden. Hy rint troch it sintraalafgaanske berchlân yn fral noardlike rjochting. Uteinlik berikt er ûngefear 20 km bewesten Mazar-i-Sharif en 10 km besuden de stêd Balch yn it noarden fan Afganistan. De rivier draait dêrnei nei it westen en streamt troch de stêd Akchah. De rivier splitst him dêr yn tal fan earms en sipelet dêrnei benoardwesten Mingajik de woastyn yn.
De Balch hat in langte fan sa'n 450 km.
Hydrometry
bewurkje seksjeTrochsneed debyt de moanne fan de Balch (yn m³/s) yn Pegel Rabat-i-Bala
metten fan 1964 oant 1978