In balkearder is in lid fan in keatspartoer dy't gjin funksje yn it perk of oan de opslach hat. De beide oare maten fersoargje dan de opslach en binne ek de perkspilers.

De reden om immen balkearder te meitsjen kin syn/har minne optreden wêze. Keatsferienings kieze der soms foar om yn in bepaalde (leeftyds) kategory, dêr't net in folslein ôfdielingspartoer yn te formearjen is, it partoer oan te foljen mei in jongere keatser of ien mei ûnfoldwaande kapasiteiten om in funksje yn it partoer op him of har te nimmen.

In minne keatser wurdt ek wol wat skamperjend balkearder neamd.