Ekskommunikaasje

(Trochferwiisd fan Ban (ekskommunikaasje))

Ekskommunikaasje of yn de ban dwaan is yn kristlike tsjerklike fermiddens de heechste foarm fan bestraffing, wêrby't in tsjerkelid troch it tsjerkebestjoer út 'e mienskip ferballe wurdt. Soks kaam fan âlds benammen foar yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke, dêr't soks troch de pausen fan Rome as in wapen brûkt waard tsjin roomsen dy't der in ôfwikende miening op nei holden oer religieuze ûnderwerpen (wat as ketterij beskôge waard). Troch sokken yn 'e ban te dwaan waarden se ôfsnien fan 'e (roomske) leauwensmienskip en waard harren de tatsjinning fan 'e sakreminten, dy't yn it roomsk-katolisisme in sintraal en krúsjaal plak ynnimme, ûntholden. It doel dêrfan wie om sokke ketters te twingen om har eigen ideeën op te jaan en har del te jaan ûnder de offisjele dogmatyk fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke.

In ferneamd gefal fan ekskommunikaasje die him yn 'e Midsiuwen foar, nei't der in skeel ûntstien wie tusken paus Gregoarius VII en de Hillige Roomske keizer Hindrik IV oer de saneamde ynvestituer (koartsein: wa fan har beiden oft yn it Hillige Roomske Ryk biskoppen beneame mocht). Yn 1076 late dy rûzje ta de ekskommunikaasje fan Hindrik IV troch de paus, wêrnei't de keizer de fernederjende Gong nei Canossa meitsje moast om him oan Gregoarius te ûnderwerpen. Fan 'e Reformaasje ôf ferlear it wapen fan 'e ekskommunikaasje lykwols oan macht; de tsjerkeherfoarmer Marten Luther, dy't yn 1521 ekskommunisearre waard, sette neitiid gewoan syn eigen Lutherske Tsjerke op, en fielde gjin oanstriid om him mei de paus te fermoedsoenjen.

Ekskommunikaasje komt ek foar yn 'e Eastersk-otterdokse, Eastersk-katolike, Oriïntaalsk-otterdokse, nestoriaanske en protestantske tsjerken. Yn it protestantisme wurdt it yn 'e regel oars neamd: ôfsnijing of mijing. Ek it joadendom ken in foarm fan ekskommunikaasje, dy't cherem neamd wurdt, en wêrby't sa'n persoan bliuwend ûnrein ferklearre wurdt. In histoarysk foarbyld dêrfan is de cherem dy't yn 1656 troch de sefardyske gemeente fan Amsterdam útsprutsen waard oer de filosoof Baruch de Spinoza, wêrmei't him doe net inkeld it kontakt mei de oare joaden ûntsein waard, mar ek syn ferbliuw yn Amsterdam, mei't de joadske mienskippen yn 'e Republyk fan de Feriene Nederlannen (fanwegen diskriminaasje) fierhinne selsbestjoerend wiene.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.