Eangst

(Trochferwiisd fan Bangens)

Eangst of eangstme is in fysiologyske tastân dy't kenmerke wurdt troch lichaamlike, kognitive, emosjonele en gedrachskomponinten.[1] Eangst hat meardere gradaasjes. Foarbylden fan myldere foarmen binne: ‘jin net op je gemak fiele’, ûnrêst en soarch. Foarbylden fan mear ekstreme foarmen binne panyk,[2] de panyksteurnis en de generalisearre eangststeurnis.

Maria Yakunchikova, Eangst (1895)

Slimme eangst giet faak lykop mei lichaamlike ferskynsels as in ferhege hertslach en bloeddruk, hertkloppings, duzelichheid, drûge mûle, pine yn it boarst, mislikheid, koartademigens en pine yn ’e holle. Der kin ek sprake wêze fan in bleke kleur om ’e holle, switte, in ferhege produksje fan adrenaline yn it bloed, en steurnissen yn de spiisfertarring. Psychologysk sjoen heart by eangst in ûndúdlik gefoel fan driging of gefaar. Soms kin eangst in symptoom wêze fan stress. De lichaamlike symptomen fan eangst wurde ek wol sjoen as in wize wêrop’t it lichem him tariedt op bedrigings fan bûtenôf. Eangst kin mei depressiviteit foarkomme. Eangst kin ek blike út antlit-ekspresjes.

Normale eangst

bewurkje seksje

In gefoel fan eangst hoecht net altyd patologysk te wêzen: lykas gefoelens as lilkens en wanmoedigens kin it in teken wêze fan in normale oanpassing fan it organisme oan gefaarlike, slimme of ekstreme omjouwingskondysjes. Tink oan situaasjes as: soldaten oan it front, loftoanfallen of kalamiteiten. Eangst preparearret dêrby it organisme op mooglik gefaar en/of it ûndernimmen fan bepaalde aksjes, lykas flechtsje foar gefaar. Fûle eangst kin yn kombinaasje mei de dêrby optredende ferhege fysiologyske arousal lykop gean mei in 'blikfernauwing', wêrby’t allinnich de dúdlike prikels út de omjouwing ferwurke wurde, en details net mear waarnommen wurde. Eangst treedt ek faak op yn minder ekstreme omstannichheden as sprekke yn it iepenbier, in eksamen dwaan (eksamenfreze) en it leverjen fan in sportprestaasje. Dizze foarmen fan eangst hawwe faak in antisipearjend karakter. Beweard wurdt dat in mylde foarm fan eangst sels de prestaasje ferbetterje kin.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Seligman, M.E.P., Walker, E.F. & Rosenhan, D.L. (2001). Abnormal psychology, (4th ed.) New York: W.W. Norton & Company, Inc.
  2. Rosen JB, Schulkin J. From normal fear to pathological anxiety. Psychological Review. 1998;105; 325-350.