Baptistearium Riva San Vitale

It Baptistearium fan Riva San Vitale is in doopkapel yn it doarp Riva San Vitale yn it Switserske kanton Ticino. De doopkapel stamt út de 5e iuw en is it âldste kristlike bouwurk fan Switserlân.

Baptistearium Riva San Vitale
bouwurk
lokaasje
lân Switserlân
kanton Ticino
distrikt Mendrisio
plak Riva San Vitale
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 5e iuw

De doopkapel mei in rjochthoekige plattegrûn giet op in hichte fan in pear meter oer yn in achthoek. Eartiids hie it baptistearium in peribolos, in prosesjegong dy't mei de tsjerke ferbûn wie, dy't njonken it baptistearium op it plak fan de hjoeddeiske Chiesa San Vitale (1759) stie. Fan de gong binne allinne noch wat spoaren sichtber. Boppe it portaal binne noch fiif akantusfoarmige konsoles, dêr't de dakbalken op leine.

De oarspronklike yngong lei oan de noardlike kant, op itselde plak as de hjoeddeiske. It portaal oan de westlike kant waard letter ynbrocht. Dêrboppe siet in rûn finster dat mei bakstien omliste wie. Op dat plak waard it midsiuwske finster rekonstruearre, dat earder troch it rûne ferfongen waard. De rûne omtrek fan dat finster bleau bewarre om de eardere feroaring oan it gebou te dokumintearjen.

De karolingyske apsis oan de eastlike kant waard twa kear ferboud. De hjoeddeiske foar datearret fan de 9e iuw. De resten fan de âlde apsis lizze ûnder de houten flier fan it alter.

 
Doopfont

Yn it monolityske doopfont yn de tsjerke waard de doop troch ûnderdompeling útfierd. It hat in trochsneed fan 1,9 meter en datearret út 1200. It oarspronklike doopfont wie 60 sintimeter djip en leit dêrûnder. It twa trêden leger lizzende doopfont hie in eigen ôfwettering fan mitsele bakstiennen.

De oarspronklike flier bestiet út swart-wite yn rosetten leine moarmeren tegels. De flier waard yn de rin fan de iuwen fjouwerris ferhege.

Yn de achthoekige romte binne djippe healrûne nissen en in lytse apsis, dy't letter ynbrocht binne. Yn de nissen binne romaanske fresko's út de 12e iuw bewarre bleaun.

Rjochts fan de apsis is in foarstelling fan de Berte fan Kristus en de Ferkundiging oan de hoeders, de dream fan Joazef en dêrboppe in foarstelling fan de Himelfeart en Marije yn in mandorla. Yn de lofter nis binne it Jongste Gerjocht mei Kristus as rjochter en de symboalen fan de evangelisten útbylde. Dêrûnder in ingel dy't op de trompet blaasd en de sielen, dy't út de grêven opstean. Yn de apsis binne resten fan in krúsiging út in letter tiidrek.

It moarmeren doopfont njonken de noardlike yngong waard brûkt nei't de tradysje fan ûnderdompeling ferfongen waard troch it besprinkeljen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Baptisterium Riva San Vitale