Barbara Baarsma
Barbara Elisabeth Baarsma (Leien, 19 novimber 1969) is in Nederlânsk ekonome. Sy wurket by de Rabobank, is heechlearaar ekonomy oan de Universiteit fan Amsterdam en kroanlid fan de Sosjaal-Ekonomyske Ried (SER).
Barbara Baarsma | ||
Barbara Baarsma (2014) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 19 novimber 1969 | |
berteplak | Leien | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Ekonoom, heechlearaar |
Libben en wurk
bewurkje seksjeBarbara Baarsma waard yn 1969 berne yn Leien as dochter fan in arts. Op jonge jierren ferhuze se nei Goeree-Overflakkee dêr't har heit kno-dokter wie. Yn Middelharnis folge Baarsma Ateneum B. Nei de middelbere skoalle sette se út ein mei in stúdzje Yndustrieel Untwerpen oan de TU Delft. Nei in jier stapte se oer op ekonomy oan de Universiteit fan Amsterdam (UfA). Yn 2000 promovearre Baarsma oan de UfA ta doktor yn de ekonomy.
Sûnt 2009 is se heechlearaar Merkwurking en Meitingingsekonomy oan de Universiteit fan Amsterdam. Fan 2008 oant 1 april 2016 wie se direkteur fan it ûnôfhanklike advysburo SEO Ekonomysk Undersyk. Yn 2012 waard Baarsma beneamd ta kroanlid fan de SER. Op 1 april 2016 waard se direkteur Kennisûntwikkeling by de Rabobank. Fan 1 jannewaris 2019 oant maart 2021 wie sy direksjefoarsitter fan Rabobank Amsterdam. Dêrnei waard se direkteur fan Rabo Carbon Bank.
Baarsma is út en troch as saakkundige gast by telefyzjeprogramma's as Jinek, Pauw en De Wereld Draait Door.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|