Bart Tromp
Bart Ago Geert Maria Tromp (Snits, 16 oktober 1944 – De Haach, 20 juny 2007) wie in Nederlânske sosjolooch en politikolooch, dy't ek gou as PvdA-ideolooch.
Tromp wie spesjalisearre yn de ynternasjonale betrekkingen en gou as de foarnaamste Nederlânske fertsjintwurdiger fan de wrâld-systeemteory. Hy wie bysûnder heechlearaar oan de Universiteit fan Amsterdam en ferbûn oan Ynstitút Clingendael. Fan 1982 oant 2003 wie hy ek ferbûn oan it departemint Politike Wittenskippen fan de Universiteit Leien.
Bart Tromp, broer fan polemolooch Hylke Tromp, groeide op as soan fan âlden dy't yn Snits in drogisterij en fotosaak hiene. Tromp studearre sosjology oan de Ryksuniversiteit Grins, dêr't hy cum laude ôfstudearre. Dêrnei ferhuze hy nei Eindhoven dêr't hy jierrenlang ferbûn wie oan de Technyske Universiteit Eindhoven. Hy waard der aktyf yn it PvdA-ôfdielingsbestjoer.
Tromp waard binnen de PvdA jierrenlang ta de rjochterfleugel rekkene, mar waard sûnt de jierren njoggentich binnen de partij as links beskôge. Sels stelde Tromp dat syn oertsjûging net feroare wie; de partij wie nei rjochts opskood, in proses dat him oandearde. Fan de fernijing fan de partij sa't dy troch Felix Rottenberg ynsetten waard moast Tromp neat hawwe; dy redusearre de partijleden neffens him ta applausmasine. Yn 2001 besocht hy om 'e nocht om sels partijfoarsitter te wurden. Yn 2002 promovearre hy op in fergelykjens ûndersyk nei de begjinselprogramma's fan it Sosjaal-Demokratyske Bûn, de SDAP en de PvdA. Tromp wie kollumnist foar it deiblêd Het Parool en wykblêd Elsevier. Oant 2007 skreau hy ek kollumns foar De Gelderlander. Yn syn kollumns hikele er ûnder oaren de beslútfoarming by de Irakkriich. Ek fersette hy him tsjin talitting fan studinten op universiteiten op basis fan harren eineksamenresultaten, omdat foar dizze wize fan selektearjen neffens him gjin inkele wittenskiplike basis bestie.
Bart Tromp ferstoar op 62-jierrige leeftiid oan in hertstilstân.[1]
Bibliografy (karút)
bewurkje seksje- Karl Marx (1983) ISBN 90-6009-526-X
- Een frisgewassen doedelzak : essays en kronieken uit de jaren tachtig (1988) ISBN 90-295-4938-6
- Contouren van vernieuwing : heroriëntatie in de Partij van de Arbeid (1992) ISBN 90-72575-26-1
- De wetenschap der politiek : verkenningen (1993) ISBN 90-5356-578-7
- Hoe de wereld in elkaar zit : 25 jaar maatschappij, politiek en cultuur (2004) ISBN 90-446-0540-2
- Tegen het vergeten, essays, (1997) ISBN 90-75323-23-9
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|