Honkbal

(Trochferwiisd fan Baseball)

Honkbal (Ingelsk: Baseball) is in slachsport dy't spile wurdt troch twa teams mei njoggen spilers. It spul komt oarspronklik út de Feriene Steaten. Hjoed-de-dei is honkbal ek populêr yn Meksiko, de Kariben en grutte dielen fan Azië. Yn Europa is de sport net hiel bot populêr.

In pitcher
In honkbalstadion

Oant en mei de Olympyske Simmerspullen 2008 wie honkbal in olymyske sport.

It spul wurdt spile troch twa teams dy't beide njoggen spilers hawwe. Om bar meie de teams de bal slaan (de saneamde offense) en kinne dêrmei runs (punten) meitsje. In run is helle as in spiler oer alle trije feilige stânplakken (iental: base, meartal bases) weromkomt op de home plate (begjin-/einpunt).

De bedoeling is dat de slachpartij de bal sa slacht, dat dy net heind wurde kin of samar werom komme kin nei de home plate. Dêrtroch hat de spiler dy't de bal slein hat tiid om in run te meitsjen of safier mooglik yn it fjild te kommen en ien as mear stânplakken te heljen. As fan de slachpartij trije minsken 'út' binne, dan wurdt de ferdigenjende partij de nije slachpartij en kin dy punten helje. In spiler kin ek 'út' wêze:

  • As de bal sûnder de grûn te reitsjen heind wurdt.
  • By it slaan de bal trije kear net rekke is.
  • As in spiler úttikt wurdt wylst er net op in base stiet.
  • As de bal earder op in base is as de spiler fan de slachpartij. Dat jildt allinnich as de spiler fan de slachpartij twongen is om nei in oare base ta te gean. Is de spiler dêr net ta twongen, kin er besykje om nei in eardere base werom te draven, mar dan moat er dêr wol stean foar't de bal der is.

Tusken de pitcher (balgoaier) en de catcher (balheiner) stiet de spiler fan de slachpartij dy't trije kânsen hat om de bal sa fier mooglik it fjild yn te slaan. De pitcher en de catcher binne fan de ferdigenjende partij. De pitcher sil besykje de bal troch de catcher heine te litten, sûnder dat de bal dus slein wurdt troch de spiler fan de slachpartij. Dêrby jildt de regel foar de pitcher dat hy op in bepaalde hichte goaie moat, tusken knibbels en earmtakke fan de spiler fan de slachpartij. De spiler fan de slachpartij stiet dan op de home plate, wat syn begjinpunt is. As de spiler fan de slachpartij slein hat komt er nei syn trije stânplakken wer werom op de home plate. As hy mar ien slach nedich hat om oer alle trije stânplakken werom te kommen op de home plate, dan hat dy spiler in homerun helle.

As it team ien kear slachpartij west hat en ien kear ferdigene hat, dan is der sprake fan ien inning. Nei njoggen innings is it spul dien.