Batterij (artillery)

(Trochferwiisd fan Batterij (militêre ienheid))

In batterij is in militêre term foar in ienheid artillery-wapens (kanonnen, houwitsers, mortieren en raketwapens). Sokke wapens wurde faak yn in rige opsteld. Batterijen kinne ynset wurde foar offensive doelen (bygelyks as ûnderdiel fan de fjildartiller) en defensyf brûkt wurde (bygelyks kustbatterij, loftôfwarbatterij of eartiids yn in skâns). De term wurdt ek brûkt foar in groep kanons [1]op oarlochsskippen.

In Amerikaanske batterij M198 155mm houwitsers yn Irak, 2003

Yn moderne legers bestean batterijen meast út 6 oant 8 houwitsers en 100 oant 200 manskippen. De houwitsers binne meast motorisearre (ridend), saneamde pânserhouwitsers.

Yn it Belgysk leger hjit in kompanjy yn de artillery in batterij.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noat:

  1. By de marine wurdt praat fan kanons yn stee fan kanonnen