Bavo fan Gint (berne ± 589 yn Haspengoa as Allowin of Adlowinus; ferstoarn ± 654 yn Gint), wurdt as hillige yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke fereare.

Bavo fan Gint
   hillige
persoanlike bysûnderheden
bertenamme Allowin of Adlowinus
bertedatum ± 589; ferstoarn
berteplak Haspengoa
stjerdatum ± 654
stjerplak Gint
hillichferklearring
hjeldei 1 oktober
attributen Falk, swurd, holle beam, stien
patroan fan Haarlim,

Neffens leginden hat Bavo in soan west fan Pepyn de Aldere en dus ek in broer fan 'e hillige Gertrudis fan Nijvel en de hillige Begga. De dochter fan Bavo soe de hillige Adeltrudis fan Wintershoven west ha, ien fan 'e hilligegroep fan Wintershoven.

 
De bekearing fan Sint-Bavo
Peter Paul Rubens, oarspronklik foar it heechalter fan 'e Sint-Baafskatedraal yn Gint skildere, tsjintwurdich hinget it yn 'e National Gallery, Londen.

Allowin stamde dus út in skaai fan kwizekwânsje en as ridder naam er it net sa krekt yn it libben. Troch de iere dea fan syn frou begûn er oer it libben nei te tinken. Hy krige kontakt mei biskop Amandus fan Maastricht, dy't ek riedsman west hie fan syn mem Ida fan Nijvel en ferkocht alles wat er hie.

Doe't Allowin it kleaster yngie naam er de kleasternamme Bavo oan. Bavo waard in hearremyt; hy wenne yn in holle beam en letter yn it bosk tichteby de Sint-Pitersabdij fan Gint.

Mooglik bleau Bavo ek foar in skoft yn Mendonk by Gint, dêr't er troch it bidden fan in noveen tusken 1 en 9 oktober noch jimmeroan fereare wurdt. Op it plak dêr't er as hearremyt libbe hawwe soe, stiet hjoed-de-dei in oan 'e hillige wijde beafeartskapel, dy't yn 'e tiid fan 'e Frânske Revolúsje ôfbrutsen mar neitiid wer opboud waard.[1] Dêr wurdt yn 'e Sint-Bavotsjerke ek de stien bewarre dy't er brûkte as boetestien.

Nei syn dea waard it lichem oerbrocht nei in tsjerke fan Gint. Der binne noch jimmeroan strideraasjes oer de fraach oft er him al of net earst by de kleastermienskip fan 'e tichtebylizzende Sint-Pitersabdij joech en dat de Sint-Baafsabdij letter stifte waard. Fan 'e hillige wurdt in relikwy bewarre yn 'e Sint-Amandustsjerke fan it Belgyske doarp Wezeren.

Sint-Bavo wurdt oanroppen foar in goede rispinge en tsjin kinkhoast. It Belgyske Sint-Baafs-Vijve waard nei de hillige ferneamd. Yn Nederlân is Bavo de patroanhillige fan Haarlim en Nuth, yn Belgje fan Gint, Wilrijk en Zingem.

De hjeldei fan Bavo falt op 1 oktober.

De hillige is te werkennen troch in falk of swurd. Oare attributen binne in holle beam of in stien.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: