Beaconsfield (Ingelân)
Beaconsfield is in plak (town) yn it distrikt South Bucks, yn it Ingelske greefskip Buckinghamshire. Beaconsfield leit likernôch 40 kilometer noardwestlik fan Londen.
Beaconsfield | ||
Beaconsfield, oarlochsmonumint | ||
Bestjoer | ||
Lân | Ingelân | |
Greefskip | Buckinghamshire | |
Distrikt | South Bucks | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 12.235 (2022) [1] | |
Oerflak | 19,66 km² | |
Befolkingsticht. | 622 / km² | |
Hichte | m | |
Offisjele webside | ||
Webstee Beaconsfield |
It plak waard foar it earst yn geskriften neamd yn 1185 as Bekenesfeld. De parochy hat in tsjerke út 1869, wijd oan Marije. Alle jierren op 10 maaie is der in jiermerke, dy't al goed 735 jier hâlden wurdt. It plak hat in treinstasjon fan de Chiltern Railways en de National Film and Television School, de wichtichste hegeskoalle op dat mêd yn Grut-Bretanje.
Bekonscot
bewurkje seksjeBeaconsfield hat sûnt 1929 ek it âldste miniatuerstedsje fan de wrâld, Bekonscot Model Village, boud op in skaal fan 1:12. Madurodam yn De Haach is ynspirearre op Bekonscot. Bekonscot lit typysk Ingelske huzen en oare bouwurken sjen, fral út de perioade fan nei 1930.
Bekende persoanen
bewurkje seksjeBeaconsfield wie it stimdistrikt fan de Ingelske premier Benjamin Disraeli yn de 19e iuw. Yn 1876 beneamde Keninginne Victoria him as earste Greve (Earl) fan Beaconsfield. De fantasyskriuwer Terry Pratchett is yn Beaconsfield berne en skriuwer Gilbert Keith Chesterton, filosoof Edmund Burke en de dichter Edmund Waller kamen dêr te hôf. Aktrise Angelina Jolie hat dêr in hûs.
Bekende persoanen út Beaconsfield:
- Enid Blyton, skriuwster
- Robert Frost, dichter
- Barry Gibb, sjonger fan de Bee Gees
Keppelings om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Beaconsfield fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |