Beatrix de Rijk (Soerabaja, 1883 - Den Haach, 18 jannewaris 1958) wie de earste Nederlânske frou dy't har fleanbrevet helle. Hja wie tige sportyf oanlein, spile tennis en koe al betiid autoride.

Beatrix de Rijk

De Rijk groeide op yn Nederlânsk-Ynje, it tsjintwurdige Yndoneezje). Letter bedarre hja yn Parys, om model te wurden, en naam fleanlessen by René Hanriot (1867-1925) yn Bétheny. Op 6 oktober 1911 krige se fleanbrevet nr. 652 útrikt troch de Aéro Club de France. De Rijk kaam út in begoedige famylje, dat hja koe in eigen fleanmasine keapje, in Blériot Libelulle. Sy joech der in stikmannich fleandemonstraasjes mei. Yn it begjin fan de Earste Wrâldkriich bea hja har tsjinsten oan by de Nederlânske- en Frânske loftmacht, mar hja waard wegere. Sûnt wie it dien mei de fleanderij. Hja troude en ferfarde mei har man nei Ynje. Yn de Twadde Wrâldkriich sneuvele harren ienige soan en ferdwûn har man sûnder in spoar nei te litten yn Atjeh.

Oan de ein fan har libben hie De Ryk it tige krap. De Koninklijke Nederlandse Vereniging voor Luchtvaart organisearre dêrom yn 1952 in helpaksje om har te stypjen.[1] Beatrix stoar yn de âldens fan 74 jier.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • B. van der Klaauw/Armand van Ishoven/Peter van der Gaag, De geschiedenis van de Nederlandse en Belgische Luchtvaart (rige: De geschiedenis van de luchtvaart) - 1982, útjouwerij Lekturama,
  • Nederlânske Frouljusried

Noaten