Beijing Schmidt CCD Asteroid Program

It BAO Schmidt CCD Asteroid Program of Beijing Schmidt CCD Asteroid Program (SCAP) wie in projekt organisearre troch it Beijing Astronomysk Observatoarium en finansiere troch de Sineeske Akadeemje fan Wittenskippen yn de jierren 1990. It sykprogramma hie as doel om planetoïden en oare objekten yn de romte te finen, bygelyks ek ierdsjitters.

SCAP waard útfierd op it Ksinglong Stasjon fan BAO

Fan 1995 oant 1999 ûntduts SCAP ien komeet, 2.460 nije asteroïden en waarden 43.860 oare asteroïden observearre, sadwaande wie it de op fjouwer nei grutste asteroïde-ûntdekker fan dy tiid. Fiif fan dy objekten binne asteroïden yn de buert fan de Ierde, dêr't twa fan as potinsjeel gefaarlik beskôge wurde. Yn 2002 waard ein asteroïde tichtby de Ierde, by de Moanne, ûntdutsen.

List fan ûntdutsen opmerklike objekten

bewurkje seksje
Namme Foarearst oantsjut mei Datum fan de ûntdekking Opmerkingen
7072 Beijingdaxue 1996 CB8 3 febrewaris 1996 asteroïde ferneamd nei de Universiteit fan Peking
7800 Zhongkeyuan 1996 EW2 11 maart 1996 asteroïde ferneamd nei de Sineeske Akadeemje fan Wittenskippen
13651 1997 BR 20 jannewaris 1997 earste potinsjeel gefaarlike planetoïde (PHA) dy't SCAP ûntduts
29552 Chern 1998 CS2 15 febrewaris 1998 asteroïde ferneamd nei de Sineeske wiskundige Chern Shiing-shen
31065 Beishizhang 1996 TZ13 10 oktober 1996 asteroïde
1998 CS1 9 febrewaris 1998 potinsjeel gefaarlike planetoïde (PHA)
Zhu-Balam C/1997 L1 3 juny 1997 komeet ferneamd nei SCAP-haad Jin Zhu en mei-ûntdekker Dave Balam (Universiteit fan Victoria)