Bell UH-1 Iroquois
UH-1 Iroquois Huey | |
---|---|
Rol | Multyfunksjonele militêre helikopter |
Makker | Bell Helicopter |
Earste flecht | 20 oktober 1956 (XH-40) |
Yn tsjinst | 1959 |
Ut tsjinst | Beheind militêr gebrûk |
Tal makke | >16.000 (1956–1987) |
Grutste brûkers | United States Army, Japan Ground Self-Defense Force, Australian Army |
Farianten | Bell UH-1N Twin Huey, Bell 204/205, Bell 212 |
De Bell UH-1 Iroquois is in mearsidige militêre helikopter mei de bynamme "Huey" – in ferbastere ôfkoarting fan Helicopter Utility – en dy't bekend waard fan de Fjetnamoarloch. It tastel is wrâldwiid brûkt by militêre operaasjes en tal fan oare doelen.
Yn de rin fan jierren waarden twa ferzjes fan it tastel útbrocht; de 1 motorige modellen 204 en 205 en de 2 motorige modellen 212 en 412. Boppedat wiene der tsientallen farianten op de ferzje mei ien motor.
De Huey waard by de US Army ferfongen troch de UH-60 Black Hawk. It Amerikaanske Korps Mariniers (USMC) fleach der noch in tal jierren mei oant ek dêr de UH-60 oanskaft waard.
Fan 2004 ôf wurdt de Huey net mear brûkt troch de Amerikaanske striidkrêften. De nije UH-1Y 'Venom' tsjinnet fan 2008 ôf oan by it USMC.
Yn guon lannen wurdt it tastel noch militêr brûkt, mar hat hjoed-de-dei dochs meast sivile taken.
Ek yn Nederlân hat de Huey flein; fan 1962-1977 fleach de UH-1B by de Marine Loftfearttsjinst by de squadrons 1 en 7. Fan 1994 ôf binne trije yn Italië yn lisinsje makke Agusta Bell AB412SP’s (Huey II) yn gebrûk by de Keninklike Loftmacht foar it útfieren fan search and rescue-taken (SAR) fanôf de fleanbasis Ljouwert. Dy helikopters hawwe oars in rotor mei fjouwer blêden.
De Dútske lânmacht (Heeresflieger) fljocht noch mei de UH-1D en de loftmacht (Luftwaffe) brûkt him foar SAR-taken.
Spesifikaasjes
bewurkje seksjeGegevens | HU-1A Iroquois (Modell 204) | UH-1H (205A-1) |
---|---|---|
Oandriuwing | ien Lycoming T53-L1 (522 kW/700) | ien Avco Lycoming T53-L-13 (1.044 kW) |
Topfaasje | ? | 220 km/o (om de 120 knp) |
Krúsfaasje | 177 km/o | 165 km/o (90 knp) |
Fleanberik | sa'n 338 km | sa'n 507 km |
Tankynhâld | ? | 833 liter (666 kg) |
Tsjinstplafond | ? | 4.145 m |
Sweeffleanhichte | boppe de 4.267 m (mei grûneffekt) | ? |
Gewicht leech | ? | 2.140 kg |
Maks gewicht by start | 2.631 kg | 4.310 kg |
Piloaten | 1–2 | 1–2 |
Passazjiers | 6 | maks 12 |
Romplingte | 12,07 m | 12,77 m |
Lingte totaal | ? | 17,41 m |
Rotorlingte | 13,41 m | 14,63 m |
Technyske gegevens HU-1A Iroquois (Model 204) út Flight Magazin, 1960.[1]
-
Tekening fan trije kanten (Modell 205)
-
Cockpit fan de Bell HH-1D
-
Turbine Lycoming T 53
Bewapening
bewurkje seksjeDe Huey-typen koene standert bewapene wurde mei:
- 2 M60D (letter M240D) 7,62mm masinegewear of
- 2 GAU16A 0,50 kaliber masinegewear of
- 2 GAU17A 7,622mm masinegewear
Dizze wapens koene troch de bemanning yn alle rjochtingen betsjinne wurde. De GAU17A koe troch de piloat betsjinne wurde, mar allinne nei foaren sjittend.
- 2 konteners mei 7 of maksimaal 19 2,75 inch Hydra 70 raketten
- 1 M129 40mm granaatsmiter mei 20 granaten
- 1 M5 fluchfjoerkanon mei 300 fragmintaasjepatroanen
- 2 M134 7,62mm rapid fire Miniguns mei 2x 4800 patroanen
- 2 M22 raketsystemen mei 2x3 AGM22 trije late loft-grûn raketten
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |