Belmopan
Dit artikel is in stobbe oer geografy.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
Belmopan is de haadstêd fan Belize yn Midden-Amearika. De stad is mei sa'n 20.000 ynwenners ien fan de lytste haadstêden yn de wrâld. Belmopan leit justjes be-easten de rivier Belize, tachtich kilometer fan de eardere haadstêd Belize-Stêd ôf. De stêd leit yn it distrikt Cayo, dêr't it sûnt 1990 de haadstêd fan is.
Belmopan | ||
![]() | ||
Parlemintsgebou Belmopan | ||
Sifers | ||
Ynwennertal | 20.000 (2009) | |
Hichte | 78 m | |
Polityk | ||
Lân | Belize | |
Distrikt | Cayo | |
Boargemaster | Simeon López (2006-) | |
Oar | ||
Stifting | 1970 | |
Tiidsône | Central America (UTC-6) | |
Koördinaten |
De befolking fan Belmopan is in mjuks fan Kreolen, Garifuna, Mestizen, Maya's en koarter lyn hawwe ek ymmigranten út Aziatyske lannen, benammen Sinezen, har dêr nei wenjen set.
It plak hat suver gjin yndustry. Der binne wol plannen foar de oanlis fan in fleanfjild en in lyts yndustrypark.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Belmopan fan Wikimedia Commons. |