De Belted Galloway (Belties) is in seldsum fleiskoweras dat oarspronklik út Galloway yn súdwest Skotlân komt.

In Belted Gallowaybolle yn de greide

It ras hat him oanpast oan it libben yn it heechlizzende winige, sompige lân, mei syn earme gerssoarten, fan de regio. De krekte oarsprong fan dit ras is net hielendal dúdlik, mar der wurdt wol tocht dat de wite bân, dy't dit fee ûnderskiedt fan de lânseigen swarte Galloway it gefolch is fan krusing mei de Nederlânske Lakenvelder.

Belted Galloways wurde yn it foarste plak hâlden om it fleis, mar soms wurde sy wol molken. Yn de Feriene Steaten wurde dizze kij wol police car cows en panda cows neamd.

Skaaimerken bewurkje seksje

Gallowaykij hawwe fan harsels gjin hoarnen (polled). Sy hawwe frijwat lang hier en kinne it hiele jier troch bûten bliuwe en kinne 17 oant 20 jier âld wurde. Bollen wage 770 kg oant 1045 kg, trochsneed 820 kg. De ko waacht 450 kg oant 675 kg, trochstrings 565 kg. Keallen wage yn 't generaal 20 oant 30 kg. Belties binne meast rêstige kij, mar hawwe in sterk memmeynstinkt bewarre en sille har keallen ferdigenje tsjin ûnderstelde bedrigingen.

Literatuer bewurkje seksje

  • David Stuart: An Illustrated History of Belted Cattle. Scottish Academic Press, Edinboarch 1970, ISBN = 0-7073-0209-9
  • Friedrich Hardegg, Wolfgang Müller: Robustrinder: Highland Cattle und Galloway, Herkunft Haltung Zucht. 1. Auflage, Av Buch, 2008, ISBN 3-7040-2275-6.

Sjoch ek bewurkje seksje