Benediktus fan Nursia

(Trochferwiisd fan Benedikt fan Nursia)

De hillige Benediktus (480-543) wurdt algemien sjoen as heit fan it kleasterlibben yn de Latynske tsjerke. Hy waard berne yn Nursia, it hjoeddeiske Italjaanske Norcia yn de buert fan Perugia. Al op fjirtjinjierrige leeftiid slute hy him oan by in groep klûzeners. Uteinlijk bedarre dizze groep yn Subiaco, beëasten Rome, dêr't it kleaster Santo Speco ûntstie. Hy waard ta oerste keazen yn Vicovaro, mar wie sa strang dat de mûntsen it benaud krigen en sels besochten om him te fermoardzjen troch him in gifbeker foar te setten. Doe't er dy lykwols segene, bruts de beker. Dêrom wurdt er yn de keunst faak ôfbylde mei in beker yn de hân wêrút in slange krûpt. Om dit soarte konflikten tenei foar te kommen rjochte er syn eigen mienskip op de Monte Cassino. Ferneamde neifolgers wiene ûnder oare de Hillige Maurus en de Hillige Plasidus.

De Hillige Benediktus fan Nursia (skilderij fan Giovanni Bellini)
Benedikt fan Nursia

De regel fan Benediktus

bewurkje seksje

De grutte ynfloed fan Benediktus is benammen ta te skriuwen oan syn kleasterregel, de Regula Benedicti. Der bestiene wol soksoarte regels, lykas de anonime Regula Magistri, mar dy waarden hast allegear as te strang of net-lykwichtich fûn, lykas ek dy fan de Hillige Kolumbanus. Neffens Benediktus moasten de mûntsen trije geloften ôflizze: earmoede, keinens en hearigens oan de abt. De mûntsen moasten harren talizze op "ora et labora", dêr't it bidden en it hânwurk mei bedoeld wurdt. It bidden waard dien troch acht kear deis mei te dwaan oan it koargebed. Boppedat moasten de mûntsen meidwaan oan de lectio divina, it meditearjend lêzen fan de Bibel en de Tsjerkefaren. De regel fan Benediktus is in ôfwoegen ritme fan acht oere bidde, acht oere wurkje en acht oere rêste. Hjirtroch ferspriede de oarder fan de Benediktinen, sa't se nei Benediktus hjitte soene, him hurd oer heul Europa. Dit barde troch it ynfieren fan de regel yn al besteande kleasters mar ek foar nij te stiftsjen kleasters. Sa is Benediktus ek ien fan de patroan-hilligen fan Jeropa woarn.

Benammen de biografy fan Benediktus yn de Dialogen fan Paus Gregoarius de Grutte droech ek tige by oan syn reputaasje.

De Hillige Skolastika wie in twillingsus fan Benediktus.

Syn feest waard eartiids op 21 maart fierd, mar tsjintwurdich op 11 july. Hy wurdt oanroppen as

  • patriarch fan de mûntsen fan it westen
  • spegel fan hearigens, earmoede en suverheid.

Keppeling om utens

bewurkje seksje