Berber (namme)
Berber is in Fryske famkesnamme. It is in ferbastering fan it Grykske Barbara, dat safolle betsjut as 'frjemdlinge' of 'immen dy't in net-Grykske, ûnfersteanbere taal sprekt'.[1] Dizze namme komt sadwaande fan deselde woartel as it wurd 'barbaar' en ek de folksnamme fan 'e Berbers fan Noard-Afrika, dy't sa neamd binne om't de âlde Griken harren as barbaren beskôgen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|