Berezina
De Berezina (ek wol Beresina) (Wyt-Russysk: Бярэзіна; Bjarezina, Russysk: Березина) is in rivier yn Wyt-Ruslân en in sydrivier fan de Dnjepr.
Oan de rivier lizze de stêden Babroejsk, Barysaw en Svetlahorsk.
Yn de skiednis
bewurkje seksje- It út Ruslân weromlûkend leger fan Napoleon Bonaparte ferlear sa'n 36.000 man doe't it yn novimber 1812 de Berezina oerstiek. Sûnt is "Berezina" yn it Frânsk in synonym foar katastrôfe.
- Karel XII fan Sweden syn leger stiek de Berezina oer op 25 juny 1708 by syn kampanje tsjin Peter de Grutte fan Ruslân yn de Grutte Noardske Kriich