Berjocht:In dei yn de histoarje/2 juny
- 1564 - Ferstoarn: Gellius Faber de Bouma, Frysk pastoar en letter herfoarmer fan it leauwe (* ± 1490).
- 1632 - By de Limburchske fjildtocht fan Freark Hindrik sneuvelt foar Roermond Ernst Kazimier, de steedhâlder fan Fryslân, Grinslân en Drinte.
- 1789 - Berne: Maurits Pico Diederik fan Sytzama, Fryske politikus en bestjoerder.
- 1866 - Berne: Keimpe Sikkema, ûnderwizer en Sosjalistysk politikus († 1949).
- 1912 - Ferstoarn: Tsjalling Eeltsjes Halbertsma, Frysk skriuwer en ûnderwizer (* 1848).
- 1946 - Berne: Tineke Steenmeijer-Wielenga, konservator, learares en Frysk skriuwster.
- 1982 - Bokser Rudi Koopmans ferdigent mei súkses syn Jeropeeske titel yn it healswiergewicht tsjin syn Italjaanske útdager Christiano Cavina.