Berjocht:In dei yn de histoarje/7 desimber
- 1787 - Delaware ratifisearret as earst de grûnwet fan de Feriene Steaten.
- 1815 - Michel Ney, Frânsk maarskalk, wurdt eksekutearre foar ferrie, om't er nei't er de Frânske kening trou sward hie wer foar Napoleon fochten hie (* 1769).
- 1960 - Ivoarkust wurdt ûnôfhinklik.
- 1982 - Yn de Feriene Steaten wurdt by it útfieren fan de deastraf foar it earst gebrûk makke fan in deadlike ynjeksje.
- 1988 - Yn Armeenje komme by in ierdskodding fan 6.8 op de Skaal fan Richter 25.000 minsken om it libben.
- 2003 - Berne: Catharina-Amalia fan Nederlân, Nederlânsk prinsesse.
- 2005 - It wurdt mooglik om in domeinnamme mei .eu oan te meitsjen.