Berjocht:Side fan de moanne/septimber 2009

NAFO-gearkomste yn 2002.

De Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje (NAFO), is in ynternasjonale organisaasje foar kollektive feiligens. It waard oprjochte yn 1949 en it haadkertier is fêstige yn Brussel, Belgje. Ynternasjonaal wurdt faak de Ingelske ôfkoarting NATO, foar North Atlantic Treaty Organisation brûkt.

De NAFO is in militêr ferdrach dy't yn earsten oprjochte waard om inoar beskerming jaan te kinnen tsjinoer de Kommunistyske lannen fan it Eastblok. De kearn fan it ferdrach stiet yn artikel 5, dat ynhâldt dat yn gefal fan in oanfal op ien fan de steaten, dizze troch de oaren opfette wurde sil as in oanfal op allegearre en dat alle lannen meihelpe om de oanfaller tsjin te hâlden.'Lês fierder'