Berjocht:Side fan de wike 2011/wike 45
De Mont Ventoux (Oksitaansk: Mont Ventor) is in berch yn it departemint Vaucluse yn it suden fan Frankryk. De berch leit op likernôch 20 kilometer noardeastlik fan Carpentras. Oan de noardkante fan de berch foarmet it de grins mei it departemint Drôme. It is de heechste berch yn de omkriten en hat de bynamme “Reus fan de Provence” of “De Keale Berch”. De top fan de Mont Ventoux leit op 1912 meter hichte. It hichteferskil mei de foet fan de berch is 1614 meter. Op de top fan de berch stiet in waarstasjon mei in grutte stjoermêst.
Sa’t de Frânske namme al tinken docht, venteux betsjut wynderich yn it Frânsk, kin it bot waaie oan de top, benammen yn de tiid fan de mistral. Wynsnelheden sa heech as 320 kilometer it oere binne mjitten. De wyn waait 90+ km/oere op 240 dagen yn it jier. De wei oer de berch is faaks ticht fanwegen de hurde wyn. Benammen de “col de tempêtes” (stoarm pas) krekt foar de top is ferneamd om syn hurde winen.