Berjocht:Side fan de wike 2013/wike 1
Redbad, of Radboud (± 650 - 719), wie in Fryske kening. Under syn regear berikt it Fryske Ryk syn grutste útwreiding. Kening Redbad libbe yn de Iere midsiuwen, in tiidrek dêr't net folle skreaune boarnen fan oerlevere binne. Oer syn jeugd en jonge jierren is neat bekend. Hoewol't yn lettere kroniken beweard wurdt dat er in soan fan kening Aldgillis wie, bestiet foar soks yn it boarnemateriaal út dy tiid lykwols gjin bewiis.