Berjocht:Side fan de wike 2014/wike 45
De Grutte Fibula fan Winaam is in fibula út de earste helte fan de 7e iuw. De fibula is makke fan goud en ynlein mei reade almandyn. It earste diel fan de fibula of mantelspjelde waard yn 1953 yn in terp by Winaam fûn. Om 1990 hinne en yn 2009 binne oare dielen fan de fibula weromfûn. It sieraad wie fan immen mei in hege status en wurdt dêrom ek wol de keningsfibula fan Winaam neamd. De fibula is ûnderdiel fan de kolleksje fan it Frysk Museum.