Berjocht:Side fan de wike 2015/wike 22
Nine van der Schaaf (folút: Trijntje van der Schaaf; Terherne, 29 april 1882 – Blommendaal 16 july 1973) wie in yn Frysk ûnderwizeresse, dichteresse, skriuwster en oersetster. Hja wie in sosjaliste, en bleau har hiele libben lang polityk belutsen. Hoewol't se yn it Nederlânsk skreau en it grutste part fan har libben om utens trochbrocht, hat Van der Schaaf yn har romans ek stof oer Fryslân ferwurke.