Berjocht:Side fan de wike 2023/wike 30
De 1970-er jierren, ek oantsjut as de santiger jierren en de jierren ’70, wiene in desennium fan 'e 20e iuw neffens de Gregoriaanske kalinder. Rekkenkundich sjoen begûn it op 1 jannewaris 1971 en duorre it oant en mei 31 desimber 1980, mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan 1 jannewaris 1970 oant en mei 31 desimber 1979. Yn dit desennium gie de Kâlde Oarloch troch, mar kaam der in ein oan 'e Fjetnamoarloch. De Feriene Steaten rekken yn opskuor troch it Watergate-skandaal, dêr't presidint Richard Nixon úteinlings troch twongen waard om ôf te treden. Yn it Midden-Easten waard frede sletten tusken Egypte en Israel, wylst by de Islamityske Revolúsje yn Iraan de sjah ôfset en ferdreaun waard. Yn Kambodja rjochten de Reade Kmer de Kambodjaanske Genoside oan. De wrâldekonomy rekke ûnderwilens, foar in part troch de Oaljekrisis fan 1973, yn 'e nederklits, mei oanboazjende wurkleazens ta gefolch.