Berjocht:Tema:Eastfryslân/Side fan de moanne/july
It Reiderlân (Dútsk: Rheiderland) is in gea yn it grinsgebiet fan Nederlân en Dútslân, diel fan de Nederlânske provinsje Grinslân en it Dútse distrikt Leer yn East-Fryslân. Foar de oerstreamings fan de Dollard waard de lângrins tusken Reiderlân en it lânskip Oldambt foarme troch de Tsjamme. Dizze grins wurdt wiidweidich beskreaun yn in twatal ferdragen út 1391 en 1420. It gebiet besuden de Tsjamme hearde oan Reiderlân. Oare grinzen wienen de Iems yn it noarden en it easten.