Berjocht:Wisten jo dat/maaie 2008
- ... de Kromme Knillis de namme is fan De Boarn tusken Aldskou en Akkrum, en neffens in sêge ek de namme wie fan de reus dy't dit stik fan De Boarn groeven hat?
- ... wat "de noardpoal" fan de ierde neamd wurdt, einliks de magnetyske súdpoal is?
- ... it Hylpersk, it argayske Frysk dialekt fan it havenstedsje Hylpen, in tige behâldende lûdlear en wurdskat hat, dêr't in protte fan it Aldfrysk yn bewarre bleaun is?