Berjocht:Wisten jo dat/wike 17
- ... de Kromme Knillis de namme is fan De Boarn tusken Aldskou en Akkrum, en neffens in sêge ek de namme wie fan de reus dy't dit stik fan De Boarn groeven hat?
- ... de "noardpoal" dêr't it kompas hinne wiist, magnetysk sjoen de súdpoal is?
- ... it Hylpersk, it argayske Frysk dialekt fan it havenstedsje Hylpen, in tige behâldende lûdlear en wurdskat hat, dêr't in protte fan it Aldfrysk yn bewarre bleaun is?
- ... de hantsjemieren Dútske seizoenarbeiders wienen dy’t fan rûchwei 1600 oant 1900 nei Fryslân, Grinslân en Hollân kamen te meanen?