Berjocht:Wisten jo dat/wike 53
- ... fierljeppen net allinnich dien wurdt yn Fryslân, mar dat der ek ferienings binne yn Utert en Grinslân?
- ... it amfiteater fan Nymwegen it ienichste bekende Romeinske amfiteater fan Nederlân west hat? It waard yn de 2e iuw boud en is wis oant yn de 3e iuw yn gebrûk west.
- ... it folksliet fan Nederlân, it Wilhelmus, it âldste folksliet fan de wrâld is? It waard tusken 1568 en 1572 skreaun.