Berjocht oerlis:Eigenwurk
Ynterwiki
bewurkje seksjeNamme fan de makker
bewurkje seksjeWie it in idee en jou de namme fan de meidogger mei as argumint? Dan koe op de side derby komme wa at dy persoan is dy't ferklearret dat it syn as har eigen wurk is. Aliter 01.24, 3 apr 2005 (UTC)
- Nee, it is in oersetting fan de tekst fan NL-wiki. Om it simpel wurkber te hâlden (it is op it oanbiedloch wol te sjen wa't it plaatsje opladen hat) soe ik it sa litte. Faaks moat der by it oanbieden eefkes in koarte ynstruksje komme hoe't it berjocht ta te foegjen is. B. 06.58, 3 apr 2005 (UTC)
Ja, dat wit ik, en ik nim oan dat dy it fan de Ingelske ferzje oernaam hawwe, mar sa't dizze berjochten no binne skriuwt, de Wikipedy oan de lêzer dat de Wikipedy it ôfbyld sels makke hat. Der is ommers gjin skriuwer, lykas der op oerlissiden is.
Ik hie leaver: De makker fan dit ôfbyld, meidogger [Aafke Wurtel], hat ... Troch ... hat de meidogger ferklearre ... . As dy bewurking troch meidogger Aafke Wurtel dien is soe ik sizze dat dy tredde persoan iental deselde rjochtjildigens hat as de earste persoan iental, mar foar de lêzer is it net mear de Wikipedy dy't dat it wurd nimt. In oar foardiel is dat, as immen in oare ferzje werom set, meastal sichtber wêze sil dat de ferklearing net oerienstimt mei it ôfbyld.
Wat it ynfoegjen fan it berjocht by it oanbieden oanbelanget soe der net folle ferskil wêze. Op de oanbiedside sette wy der in rygje by fan berjochten. Dit berjocht skriuwe wy as {{Eigenwurk|~~~}}, dat ien dy't dat oernimt set daalks de namme derby. Aliter 16.51, 3 apr 2005 (UTC)
- As it sa maklik wurket, dan moat it fansels altyd wêze. By in earste test liket it net te wurkjen, mar faaks moat der noch wat yn it model feroare wurde? B. 17.11, 3 apr 2005 (UTC)
It haw it net krekt byhâlden: Is dit dy test dy't letter al slagge wie, of is dit in oaren en is hjir hieltiid noch in probleem mei?
- {{Eigenwurk|~~~}} It plakken fan foargeande koade jout gjin (ekstra melding) wa't dy tafoege hat. Dit probleem is der dus noch. B. 16.58, 4 apr 2005 (UTC)
Dat is om't Eigenwurk noch net wit dat it in argumint meikrije sil. As ik it oan tiid haw meitsje ik in dêr in testberjocht foar. Aliter 17.36, 4 apr 2005 (UTC)
Ik haw it oanpast. Sjoch as foarbyld Ofbyld:test.gif. Tink derom dat de fjouwer kear dat it earder brûkt is no ek in argumint, leafst trije golfkes troch de makker, krije moatte. Aliter 20.31, 4 apr 2005 (UTC)
- Moai wurk! B. 22.10, 4 apr 2005 (UTC)
Opmaak
bewurkje seksjeWat my oanbelanget prima sa. B. 16.22, 3 apr 2005 (UTC)