Berjocht oerlis:Side fan de wike 2018/wike 3
Lêste reäksje: 6 jier lyn troch Ieneach fan 'e Esk
@Mysha: Jo hawwe de feroarings oan dit berjocht sûnder mis mei de bêste bedoelings dien, en ik wol net altyd dwerslizze, dat ik lit it sa mar stean. Mar it moat my al fan 't hert dat de grize my oer de grouwe giet fan al dy koarte sintsjes. It liket no wol in stikje út in berneboek. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 18 jan 2018, 21.40 (CET)
- Ik hie oannaam dat dy lange sinnen de grûn wienen foar de problemen mei de sinbou, sadwaande. Lykwols moat sa'n stikje útnougje ta fieder lêzen, dat de sinnen koenen gauris wat koarter wêze as op in artikel-side. Ik lis der lykwol;s ek net wekker fan at it weromsetten wurdt en ferbettere. At it foar langer wie soe ik de tekst sa't dy no is noch wat feroarje, om't dy noch better rinne kin, mar in tekst foar de wike fyn ik it net wichtich genôch. Mysha (oerlis)
- Sa't ik al sei, jo hawwe it perfoarst mei de bêste bedoelings dien, mar it is der nei myn miening minder fan wurden. Dat jo in oare miening hawwe, is dúdlik, en yn dit lân hoecht lokkigernôch ek net eltsenien itselde fan dingen te finen. Mar ik haw de oarspronklike tekst nochris neilêzen, en ik kin dêr gjin problemen mei de sinsbou yn fine. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 20 jan 2018, 17.47 (CET)