Berjocht oerlis:Soartebank

Ik hie leaver in wat oare opmaak. Wy besykje om gjin ôfkoartings op te nimmen as der gjin grûn foar is, om't wy de romte hawwe om alles folút te skriuwen en ôfkoartings betizing jaan kin, lykas hjir mei de lânôfkoarting (nl). Dat ik hie leaver de styl mei {{noat|Nederlânsk}} efteroan, al moat ik sizze dat foar Nederlânsk de taal oantsjuttig faak ek weilitten wurdt.

Fierders soenen wy der oer neitinke kinne at it faaks deselde sinoarder hawwe moatte soe as Berjocht:Wikiwurdboek. Aliter 14 maaie 2009, 02.55 (CEST)

Sels bin ik wol wend om altyd de taal fan in boarne op te jaan, mar dat kin yndied like goed folút. En wat ienheid yn de opmaak fan berjochten kin fansels ek gjin kwea. It earste kin ik ienfâldich feroarje, mar ik wit op dit stuit net rjocht hoe't ik it twadde dwaan moatte soe, ek al omdat it moai wêze soe at jin mei dit berjocht ek nei faunasoarten op soortenbank.nl ferwize kinne. Der moat dan noch al wat oan de parameters dien wurde en dêrfoar wit ik noch te min fan berjochten ôf. Faaks is der immen oars dy't dêr wat doel oer hat? Wutsje 14 maaie 2009, 03.42 (CEST)
Is it oars ek wat en meitsje foar flora en fauna ek in keppeling nei Wikispecies? Foar de Giele plomp, de oanlieding ta dit alles, is dêr bygelyks dit te lêzen. Dat liket my ek wol de muoite wurdich. Wutsje 14 maaie 2009, 03.58 (CEST)

Ik haw it berjocht earst oanpast dat der gjin namme yn hoecht at dat deselde is as de titel, lykas de oare berjochten ek hawwe. En ik haw de stip derfoar fourthelle. It foardiel is dat oan de wikikoade fan de side dan noch te sjen is dat de opsomming trochrint, om't der altiten in stip foar stean sil.

Ik haw de tekst ek wat oanpast oan dy fan Berjocht:Wikiwurdboek, mar dat koe fansels ek oarsom; it is mar wat de bêste styl is.

Fierders is der no in Berjocht:Wikisoarten. Aliter 14 maaie 2009, 19.48 (CEST)

Oerlis begjinne oer Berjocht:Soartebank

Oerlis begjinne
Werom nei de side "Soartebank".