Berjocht oerlis:Stobbe

Liket my prima 84.119.251.68 18.14, 14 dec 2004 (UTC) B.

Ik nim oan, dit is om op in stobbe-side te skriuwen? Ja, dat soe sa goed kinne. Dochs noch trije opmerkings:
  • Ik haw leaver in dúdlike namme as in koartenien; kin dit "stobbe" of "begjin" of soks wurde?
  • Sels skriuw ik leaver gjin "klik op" op Ynternet-siden; dat witte de minsken wol. Bygelyks: "Jo wurde útnoege en foegje jo witten ta oan dizze side". (By my hjit dy keppeling ek gjin "wizigje".)
  • Leaver gjin small; foar guon programmas binne dat wier de lytse letterkes dy't ornaris net lêzen wurde. Binne skeane letters faaks bêst genôch?
Aliter 03.33, 21 dec 2004 (UTC)
Ja it giet oer in lytste mar korrekte side, dy't wol wat oanfult kin wurde, myn opmerkings:
  • Namme - Prima, kin ik dat sels dwaan, dat oersette of moat ien fan de behearders dat dwaan (skiednis en sa). Mei wol feroarje in stobbe.
  • Small - al wizige.
  • Wiziging - Wat tinke jo fan: "Jo wurde útnoege om jo witten ta te foegjen oan dizze side. Of is dat grammatikaal net korrekt?
Dr. Breznjev 10.49, 21 dec 2004 (UTC)
  • De titel kinne jo sels feroarje. As jo it nije standert side-oansjen hawwe, dan stiet boppenoan in blokje mei 'werneam'. Mei de âlde standert stiet lofts in keppeling 'Titel feroarje'. Mei dy funksje komt de skiednis mei mei de feroaring. Begjin op de side sels, dan is der in opsje foar it meinimmen fan de oerlisside.
  • Ik soe sizze, it ferskil tusken "útnoege om te dwaan" en "útnoege en dog" is in ferskil in dialekt. It moaie fan dy twadde is dat der gjin "te" yn de keppeling stiet. Faaks "Dizze side is in begjin/stobbe. Jo wurde útnoege jo witten hjir ta te foegjen." ("Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.") Aliter 23.14, 21 dec 2004 (UTC)

Ja, dat kin wol. Faaks is it noch wat formeel, mar dat soenen we in oare kear ris besjen kinne. Ik haw it ek opnaam op Wikipedy:Berjochten. Aliter 17.10, 28 dec 2004 (UTC)


Ik haw der 70% fan makke sa't it by my de lêste twa wurden net op in oare rigel komme. Jout dit oare problemen? Aliter 19.57, 16 mai 2005 (UTC)

Wat my oanbelanget net. B. 20.02, 16 mai 2005 (UTC)
Werom nei de side "Stobbe".