Berjocht oerlis:Universele ynfoboks natoergebiet
Pog
bewurkje seksje@Kneppelfreed: Goeie. Jo hiene de "pog", dat baltsje dat op posysjekaarten de lokaasje oanjout, grien makke. Ik begryp wol wêrom: natoergebiet = natoer = planten = grien. Mar ik haw dêr in praktysk beswier tsjin. Foar natoergebieten brûke we oer it algemien reliëfkaarten, en leechleine gebieten wurde dêrop werjûn yn grientinten. Dat baltsje wurdt dan suver wei tsjin in gelyk kleure eftergrûn. Ik haw der dêrom wer in blau baltsje fan makke. It kin my fierders eins net safolle skele hokker kleur dat ding hat, blau, read, giel, pears, oranje, swart, ik fyn it allegearre bêst, mar yn dit gefal fyn ik grien ûnhandich. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 26 mai 2024, 21.25 (CEST)
P.S.: jo hiene de eftergrûn fan 'e titelbalken ek grien makke. Fyn ik bêst, mar ik haw it wat donkerder makke, want dy kleurtint dy't jo it jûn hiene, joech op myn byldskerm amper ûnderskie mei de rest fan 'e ynfoboks. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 26 mai 2024, 21.28 (CEST)
- @Ieneach fan 'e Esk, goeie. Ja oer dat baltsje hawwe jo wol wer gelyk oan. Grien baltsje op in grien fjild falt yn it neat. Dus ja ik fyn it bêst dat jo dat wer blau makke hawwe. De kleur fan 'e eftergrûn wie yndie ljocht, ik haw it fan de Nederlânske ferzje oernommen. Witte jo oars wêr't ik de ferskate kleuren fine kin, want ik haw dêr gjin flau benul fan wêr't ik soks fine kin. Alfêst tank. Kneppelfreed (oerlis) 27 mai 2024, 01.33 (CEST)
- @Kneppelfreed: De Ingelske Wikipedy hat dêr in artikel oer: en:Web colors. Dêr kinne jo al hiel wat fine. Mar as jo bekend binne mei it ienfâldige tekenprogramma Paint, dat fergees meilevere is op alle kompjûters dy't in Windows-bestjoeringssysteem hawwe, kinne jo dêryn ek sels eltse willekeurige kleur oanmeitsje. Dy wurdt dêr werjûn yn read-, grien- en blautinten. Bgl. de donkerder griene kleur dy't ik de titelbalke fan dizze ynfoboks no jûn haw, wie Read 150, Grien 237 en Blau 137. Dy gegevens kinne jo op 'e webside https://www.rgbtohex.net/ ynfiere en omsette yn 'e heksadesimale wearden dy't de Wikipedy-webside brûkt. Yn dit gefal waard it dan bgl. #96ED89. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 27 mai 2024, 23.33 (CEST)
- @Ieneach fan 'e Esk, tige tank foar de ynformaasje. No bin ik gâns wizer wurden. Kneppelfreed (oerlis) 28 mai 2024, 08.30 (CEST)