Berlin-Tiergarten
Tiergarten of Berlin-Tiergarten is in wyk yn it distrikt (bezirk) Mitte yn de Dútske haadstêd Berlyn. De wyk is ûntstien yn 2001 nei it ferpartsjen fan it eardere stedsdistrikt Tiergarten yn de hjoeddeiske wiken Tiergarten, Moabit en Hansaviertel. De wyk hat likernôch 12.000 ynwenners.
Yn de wyk stiet it Ryksdeigebou, it Dútske parlemint, mei it Plein fan de Republyk (Platz der Republik). Ek it ferneamde Potsdamer Platz leit yn de wyk. In grut part fan de wyk bestiet út it park Großer Tiergarten.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Berlin-Tiergarten fan Wikimedia Commons. |