Bernhard Schlink (Großdornberg, 6 july 1944) is in Dútsk skriuwer en jurist.

Bernhard Schlink, Bowdoin College, oktober 2018
Bernhard Schlink

Schlink waard grutbrocht yn Heidelberch en studearre dêr rjochten. Yn 1975 promovearre er. Sûnt 2004 is er professer yn de Steats- en bestjoersrjocht en rjochtsfilosofy oan de Humboldt-Universiteit yn Berlyn. Bernhard Schlink is fierders lid fan it kuratoarium fan it earste Dútske juristyske ynternettydskrift Humboldt Forum Recht.

Syn karriêre as skriuwer begûn mei in rige detektiveromans mei as haadpersoan Selb, in namme dy't ôflaat is fan it Dútske wurd foar 'sels'. Yn 1995 publisearre er Der Vorleser (De Foarlêzer), foar in part in autobiografyske roman, dy't yn 2008 as The Reader ferfilme is. It boek (en de film) giet oer in 15-jierrige jonge dy't in ferhâlding krijt mei in folle âldere frou, dy't hommels ferdwynt. Hy moetet har wer at er as rjochtestudint in proses oer oarlochsmisdieden bywennet. It boek waard in bestseller en waard yn 35 talen oerset. It wurk krige ferskate literêre prizen, ynternasjonaal. Yn 2000 ferskynde fan Schlink in samling koarte ferhalen, Liebesfluchten (Nederlânsk: De liefdesval).

  • 1987 - Selbs Justiz (mei Walter Popp)
  • 1988 - Die gordische Schleife
  • 1992 - Selbs Betrug
  • 1995 - Der Vorleser (De foarlêzer)
  • 2000 - Liebesfluchten (De leafdesfal)
  • 2001 - Selbs Mord
  • 2006 - Die Heimkehr (De Túskomst)
  • 2008 - Das Wochenende
  • 2010 - Sommerlügen (Zomerleugens by útj. Cossee)
  • 2014 - Die Frau auf der Treppe (De vrouw op de trap)
  • 2018 - Olga

Juridyske fakboeken

bewurkje seksje
  • Grundrechte. Staatsrecht II, mei Bodo Pieroth, 24. Aufl., C.F. Müller, Heidelberg 2008. ISBN 978-3-8114-9306-3
  • Polizei- und Ordnungsrecht mit Versammlungsrecht, mei Michael Kniesel en Bodo Pieroth, 5. Aufl., C.H. Beck, München 2008. ISBN 978-3-406-58064-2